Nije kiosk op brêge Ljouwert

17 feb 2012 - 20:17

Op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert komt in nije kiosk, dy't liket op de piip fan in stoomboat. Mei de kiosk wol de gemeente de tagong nei de binnenstêd en it nije Saailân in ekstra aksint jaan. Fierder wol de gemeente ekstra omtinken oan de museumhaven jaan. Mooglik wurdt der skielk toeristyske ynformaasje jûn yn de kiosk. No sit de VVV noch yn de Achmeatoer, mar de gemeente tinkt oan in ferpleatsing nei it nije Fries Museum. Dan soe der miskien in lytse post op de Prins Hendrikbrêge by kinne.

It ûntwerp foar de kiosk is makke troch arsjitekte Nynke-Rixt Jukema. Wolstânskommisje Hûs en Hiem is der hiel posityf oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)