Gebou PostNL foldocht oan eask

Gemeente Ljouwert wol yn petear mei de doarpen Boksum, Jellum en Bears om te praten oer de ljochtoerlêst feroarsake troch it gebou fan PostNL. Ynwenners ha bot lêst fan de felle bûtenferljochting. Se ha earder al yn petear west mei PostNL. Dy hat tasein de ferljochting oan te passen, mar dat hat neffens de ynwenners noch gjin fertuten dien.
De gemeente seit dat it gebou fan PostNL oan de easken fan de boufergunning foldocht. Se wol mei de doarpen om tafel. Ek PostNl wol graach yn petear mei de bewenners.