Auto nei oanriding socht

© ANP XTRA
De plysje siket de eigener fan in swarte Peugeot, dy't tiisdeitejûn skansearre rekke op de Van Harinxmawei yn Sumar. De auto waard dêr oanriden troch in slingerjende ynwenner fan Burgum. Dy ried nei de oanriding troch, mar koe troch oanwizings fan tsjûgen oanhâlden wurde. De plysje hat yntusken konstatearre dat syn auto skea oprûn hat, mar hat de Burgumer sels noch net sprutsen.
Yn it ramt fan it ûndersyk wurdt ek de eigener fan de oanriden auto socht. It is net dúdlik hoe grut syn skea is.