Undernimmers socht foar priis

De Bonifatius Bokaal
De organisaasje fan de Undernimmerspriis Noardeast Fryslân siket noch kandidaten foar de priis fan dit jier. Kandidaten kinne oant 1 maaie oanmeld wurde. Dêrnei giet in sjuery oan de slach mei de oanmeldings. Dy sjuery siket der trije finalisten út. Op 27 juny wurdt bekend makke wa't fan de trije ûndernimmers de Bonifatius Bokaal wint. De winner krijt dan de bokaal út hannen fan deputearre Hans Konst.
Yn 2013 gong de priis nei Wibe Altenburg en Eddy Wymenga fan Altenburg & Wymenga út Feanwâlden.
Alle bedriuwen út de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel kinne har op de webside fan de organisaasje opjaan foar de Undernimmerspriis Noardeast Fryslân.