Pizzabesoarger oanriden

© ANP
In 21-jierrige pizzabesoarger út Ljouwert is tiisdeitejûn ferwûne rekke doe't er op de Dammelaan oanriden waard troch in 41-jierrige automobiliste út Ljouwert. De botsing barde by de stopljochten. De pizzabesoarger ried troch grien ljocht, doe't de frou him fan links skepte. Sy ried dêrby troch read. De jonge is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.