Crowdfunding foar piloat

15 apr 2014 - 21:26

Martijn Krol fan Wytmarsum hat ferlet fan 135.000 euro om piloat te wurden. Hy wol dat bedrach fia 'crowdfunding' by elkoar krije. Jild liene by de bank slagget net: Martijn hat diabetes en wurdt net talitten op de oplieding foar boargerpiloaten.

Yn Ingelân kinne sûkersyktepasjinten wol piloat wurde. Martijn wol dus nei Ingelân om de oplieding te folgjen, mar moat alles sels betelje. Dêrom hat hy in webside makke om sponsors te finen. Mocht hy letter piloat wurde, dan krije de sponsors har jild werom mei rinte.

Besjoch hjir de crowdfunding-side fan Martijn Krol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)