GrienLinks wol ynfo oer REC

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De steatefraksje fan GrienLinks wol dat de provinsje de mjittings en kontrôles op de REC yn Harns iepenbier makket. Earder hat Deputearre Steaten tasein transparant te wêzen mei de ynformaasje oer de REC.
Neffens GrienLinks is der lykwols noch in soad ûndúdlikens oer de ôffalferbrâning. Hoe kinne wy ús kontrolearjende taak útfiere as wy de goeie ynformaasje net hawwe, freget de partij har ôf. GrienLinks wol dêrom no aksje sjen fan de provinsje.