Aktiviteiten Boerum 'geheim'

De aktiviteiten fan feilichheidstsjinsten op it satellytstasjon yn Boerum bliuwe geheim. De twadde keamerfraksje fan de SP frege it kabinet om iepenheid fan saken oer wat der allegear bart by de Greate Earen. De moasje hjiroer krige lykwols net genôch stipe. Allinnich D66, GrienLinks en Vijftig Plus stimden foar.
It kabinet wegeret sels om mear te fertellen oer wa't der allegear gebrûk makket fan it satellytstasjon. Under oaren de Amerikaanske ynljochtingentsjinst NSA soe hjir aktyf wêze.