Minder jild foar greidefûgels

Minder boeren meitsje de kommende jierren kâns op jild wêrmei't sy greidefûgels helpe kinne. De provinsje jout sawol yn 2016 as yn 2017 12,3 miljoen euro út oan greidefûgels. Mear as 11 miljoen euro dêrfan komt by it Ryk wei.
De greidefûgels wurde allinnich holpen yn saneamde greidefûgelkearngebieten dy't mei-inoar 40.000 bunder grut binne. Dat stiet yn it nije greidefûgelbelied fan de provinsje Fryslân. En omdat wy hjir de measte greidefûgels ha, soe der ek in lanlik kennissintrum komme moatte, fine Deputearre Steaten.