Plan Europaplein oanpast

15 apr 2014 - 20:04

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders komt mei in oanpast plan foar it nije Europaplein yn Ljouwert. Earder soe it plein hast oardel meter heech wurde. Omwenjenden wienen benaud dat harren útsjoch ferlern gean soe. Dêrom wurdt it plein no 80 sentimeter heech.

Ek de fytstunnels binne oanpast, mei ûnder oaren deiljochtlampen. Dit moat it gefoel fan ûnfeiligens ferminderje. De gemeenteried mei yn juny in kar meitsje út dit plan fan it kolleezje en in boargerinisjatyf. Yn dat plan stiet in turborotonde mei foarrang foar fytsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)