Muzykles foar jonge bern

15 apr 2014 - 18:34

'Om de muzykkultuer op nivo te hâlden, moat je der op jonge leeftyd by wêze', dat is de konklúzje fan muzykdosint Peter Wagenaar. Hy is belutsen by it muzykûnderwiis yn it saneamde KEK-projekt. KEK stiet foar Kultuer Edukaasje mei Kwaliteit, dat as doel hat muzyk, drama en oare keunstfoarmen op basisskoalen te stypjen.

Tiisdei wie op basisskoalle De Wyken yn Snits in einpresintaasje foar âlden, pakes en beppes fan skoalbern dy't yn en nei skoaltiid dwaande west ha mei muzyk. De KEK-projekten stean ûnder rezjy fan Akte 2 yn Snits.

Trefwurden: 
Snits muzykles KEK Akte 2
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)