Plysje siket tsjûgen oerfal

17 feb 2012 - 19:47

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf ôfrûne sneintejûn yn Burgum. In man fan 22 jier út Burgum helle jild út de automaat oan de Bulthuissingel. Hy rûn doe yn de rjochting fan de supermerk, mar waard earst skopt en dêrnei berôve fan syn beurs. De dieder rûn fuortendalik fuort. It gong neffens de plysje om in blanke man, fan ûngefear 30 jier. De man hie lange bakkeburden oant de kin ta en hie in mûts op. Wa't wat sjoen hat wurdt mei klam frege om him of har te melden. Dat kin op 0900-8844 of anonym: 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)