Brân yn âlde skoalle Harns

17 feb 2012 - 19:21

Yn de leechsteande skoalle oan de Klipperstraat yn Harns hat freedtejûn koart brân west. In tsjûge seach twa jonges fuortdraven en dêrnei ljochte der wat op yn it gebou. Fia in winkel yn de buert waard de brânwacht warskôge. It gebou fan de basisskoalle stiet al ûngefear in jier leech en wurdt op dit momint ôfbrutsen. Dêrtroch kinne bern maklik yn de skoalle komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)