Seizoenkaart Cambuur djoerder

15 apr 2014 - 14:10

De ferkeap fan seizoenkaarten foar Cambuur is tiisdeitemoarn úteinset. It wie fuortdaliks al drok by it stadion, om't supporters harren plakje fêstlizze wolle. Fan it kommende seizoen ôf binne mear plakken nûmere, sadat der mear fêste plakken binne.

Supporters moatte rekken hâlde mei djoerdere seizoenkaarten. De priis is gemiddeld mei tsien persint ferhege. Sa wol de klup mear sinten binnenhelje. Dat hawwe se nedich om yn de eredivyzje te bliuwen, sa seit kommersjeel direkteur Ard de Graaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)