Undersyk nei winsken studinten

15 apr 2014 - 13:48

Wat fine studinten eins fan de stêd Ljouwert? Dat is de sintrale fraach fan in nij oprjochte ûndersykspanel troch Leeuwarden Studiestad. Sy sille ûndersyk dwaan nei de winsken fan studinten op it gebiet fan sport, kultuer, eveneminten, húsfesting, sûnens en wurk.

De organisaasje dy't de belangen fan studenten behertiget tinkt dat der benammen by kulturele ynstellings yn Ljouwert noch in soad te ferbetterjen falt yn it oanbod. No wurde studinten gauris fergetten as wichtige doelgroep.

It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze, njonken online enkêtes sille ek geregeldwei op strjitte en by de hegeskoallen groepen studinten frege wurde om harren miening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)