Blog: Grutte klean ynsammelaksje foar Special Olympics

Omrin en Reshare sette in grutte klean ynsammelaksje op tou foar de Special Olympics. Fan 'e moarn wiene Jacob van der Meulen, dy't as siler meidocht oan de Special Olympics, mei syn coach Jan Posthuma yn it sammelsintrum fan Reshare om der it startskot te jaan foar de grutte aksje. Dizze wike krije alle basisskoallen yn de provinsje in brief oer de aksje.
Sels gongen Jacob en Jan fan 'e middei noch nei in skoalle foar spesjaal ûnderweis, de Piet Bakkerskoalle yn Snits, om dêr de alderearste sekken út te dielen.