Kosten begraafplakken omheech

De kosten foar in begraafplak op De Lemmer binne yn in jier tiid mei 109 persint omheech gien. Koste in grêf yn 2013 noch 834 euro, yn 2014 moat dêr goed 1700 euro foar betelle wurde.
Dat docht bliken út ûndersyk fan útfeartorganisaasje DELA. By it ûndersyk waard útgien fan in begraafplak foar in perioade fan tweintich jier.
Ek al binne de tariven op De Lemmer flink omheech gien, dochs is de gemeente De Friese Meren is net it djoerst. De djoerste Fryske gemeente is Ljouwert. Dêr kostet in grêf 3800 euro.
It Bilt en Littenseradiel binne de goedkeapste gemeenten.