Oerdracht EVT nei Doeksen

15 apr 2014 - 11:29

It personiel fan rederij EVT is moandei offisjeel oerdroegen oan de nije eigener, rederij Doeksen. Tiisdei is de oerdracht fan de Spathoek, it skip fan de EVT.

De webside fan de EVT is yntusken ek út de loft. De ôffearten dy't passazjiers al by de EVT boekt hiene, geane gewoan troch mar dan ûnder de flagge fan Doeksen.

In pear wike lyn berikten beide rederijen in oerienkomst nei in striid fan sân jier op it Waad. De steat hat de EVT hjirfoar njoggen miljoen euro betelle.

Dêrneist hat Doeksen noch in bedrach betelle foar de oarname fan de EVT. Beide partijen wolle net sizze hoe heech as dat bedrach is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)