Oanriding mei scooterrider

15 apr 2014 - 10:38
Foto: ANP

De bestjoerder fan in scooter is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de krusing fan it Suderplein mei de Romkesleane yn Ljouwert.

It slachtoffer krige gjin foarrang fan in 32-jierrige automobilist út Ljouwert. De scooterrider foel en moast foar behanneling nei de dokter.

(advertinsje)
(advertinsje)