Winst Jong SC Hearrenfean 6-1

14 apr 2014 - 21:31

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn oertsjûgjend wûn fan Jong Fortuna Sittard. Op sportpark Skoatterwâld wûnen de Feansters mei 6-1. Fortuna kaam yn de 19e minút fia in counter op foarsprong, mar dêrnei wie it SC Hearrenfean wat de klok sloech. Nwofor, Chacon en Heerkes (beiden twa kear) en Van Amersfoort skoarden foar Hearrenfean. De ploech stiet no fjirde. Op 28 april moatte se út nei Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)