Kameleondoarp 'leukste uitje'
Kameleondoarp Terherne is troch de ANWB-leden keazen ta 'leukste uitje' fan Fryslân. Direkteur Guido van Woerkom fan de ANWB hat de priis moandei útrikt. De besikers wiene goed te sprekken oer de gastfrijens en de freonlike meiwurkers. It wie de fjirde kear dat de ANWB de priis útrikte. Ferline jier wûn it Woudagemaal op 'e Lemmer.