'Frysk diktee fleurich'

It Frysk diktee dat Omrop Fryslân woansdeitejûn streekrjocht útstjoert, wurdt in fleurich ferhaal. Dat sei Omroppresintatrise Karen Bies moandei yn it programma Omrop Fryslân Aktueel. Bies skreau de tekst foar it diktee en sil it woansdei sels foarlêze. "Ik wol graach dat Friezen mei in soad wille sels meiskriuwe kinne', lit se witte. In soad stroffelstiennen hoege we net te ferwachtsjen, al sitte der neffens Bies wol wer in pear ynstjonkers yn.
Neffens haadredakteur Diederik Bonarius fan de Omrop is de taal in wichtich aspekt yn de Fryske mienskip en dêrom ek by de Omrop, al sil yn de takomst wol mear Nederlânsk op de webside fan Omrop Fryslân te finen wêze. Neffens Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy sil by de beoardieling de jildende regels foar de Fryske stavering tapast wurde.
It diktee wurdt útstjoerd fan 20:00 oant 21:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje en ek op www.omroplive.nl. De goede stavering en útslach fan it diktee wurdt dêrnei útstjoerd tusken 21:30 en 22:00 oere.