Firma Snits bout brêgen Assen

14 apr 2014 - 17:01

Oannimmersbedriuw J.J. de Vries út Snits sil twa brêgen bouwe foar de gemeente Assen. Neffens Geert van der Linden fan it bedriuw giet it om in miljoeneprojekt, dat tige wolkom is neidat it bedriuw earder by in tal oanbestegings as twadde einige. J.J. de Vries is ûnderdiel fan de Friso bougroep en is spesjalisearre yn ûnder oare de bou fan keunstwurken.

It giet net allinnich om de brêgen yn de Nobellaan en de Groningerstraat mar ek om kaden. Ien en oar smyt twa jier wurk op foar in soad minsken.

It Snitser bedriuw wûn de oanbesteging mei omdat sy goed oan in tal kwaliteitseasken foldwaan koene. Dêrby gie it ûnder oare om it sichtber meitsjen fan it bewegingswurk fan de brêgen en it skieden fan automobilisten, fytsers en fuotgongers.

Trefwurden: 
assen brêgen J.J. de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)