Drylts op syk nei nije ideeën

It is te stil yn Drylts. Boatsjes genôch, mar dy farre allegearre troch en dat moat oars. Derom is arsjitekt Nynke Rixt Jukema ynhierd om mei plannen te kommen. De kommende dagen giet se mei de Dryltsers om tafel om te praten en te bouwen. Der moatte ideeën komme, dêr't in kar út makke wurde kin.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat 75.000 euro beskikber steld, foar it ûntwikkeljen fan de ideeën. It harsenskrabjen giet troch oant sneon.