Temperatuer wer ûnder nul

14 apr 2014 - 12:32

It liket der op dat de temperatuer de kommende nachten wer flink ûnderút giet. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei soe sels nachtfroast mei in temperatuer fan -5 mooglik wêze kinne. Dat is net sûnder risiko foar de tún, want de measte túnkers op de folkstún hawwe de moaie maaitiid oangrepen ha om al behoarlik te siedzjen en te setten.

Dochs bin se dêr fuort net oerstjoer fan, sa die bliken doe't we moandeitemoarn even seagen op it kompleks fan de Ljouwerter hierdersferiening by Goutum.

Trefwurden: 
tún kâld folkstún túnkje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)