Sân fiskers krije bekeuring

14 apr 2014 - 12:02
Fiskersark

By in kontrôle fan plysje en Sportfiskerij Fryslân binne ôfrûne sneon sân prosessen-ferbaal útskreaun. Goed twahûndert fiskers waarden kontrolearre. De boetes waarden útdield oan minsken dy't gjin fiskpas hiene of mei libben ies fisken. Foar dizze lêste oertreding jildt in boete fan 370 euro.

Der waard kontrolearre fan de wâl en fan it wetter ôf. Fiskjende jongeren ûnder de 14 jier krigen fergees in jeugdfergunning.

Trefwurden: 
fergunning boete fiskje
(advertinsje)
(advertinsje)