Nije potsjes foar ûndernimmers

Der komt mear provinsjaal jild beskikber foar it stypjen fan Fryske bedriuwen. Moandei makke deputearre Hans Konst bekend dat der trije potsjes iepen geane; Fryslân Fernijt IV, it Doefûns en de Undernimmersympuls by de Kredytbank. Mei-inoar sit hjir 18 miljoen euro yn.
Dat jild moat nei ûndernimmers dy't in goed idee ha, mar dat net útfiere kinne omdat de banken der gjin takomst yn sjogge en gjin jild liene wolle. Dizze trije finansieringsmooglikheden passe yn it projekt Wurkjen foar Fryslân'. dat mei Nuon-jild betelle wurdt.