Blog: 10.000 kear miel iten foar Special Olympics

14 apr 2014 - 10:31

Alle sporters, coaches, frijwilligers en meiwurkers fan de Special Olympics 2014 krije mei de Nasjonale Spelen moarnsiten, lunsj en waarm iten oanbean. Meielkoar giet it om tsientûzen menu's. Sponsor Poeisz leveret mei stipe fan harren leveransiers alle yngrediïnten. Beijk Catering soarget foar it klearmeitsjen en optsjinjen yn de sealen fan it Abe Lenstra Stadion, stipe troch fyftich frijwilligers. Empatec makket de lunsjpakketten dy’t troch kuolweinen fan de Koninklijke Landmacht nei de sportlokaasjes brocht wurde. Militêren soargje derfoar dat alles op it goeie plak telâne komt. “We krije in geweldich soart stipe, dat fine we fantastysk”, sa seit projektlieder Tjisse Wallendal.

Trefwurden: 
argyf Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)