Piipsmoker moat nei húske

Dielnimmers oan it NK piipsmoke yn Nieuw Buinen © RTV Noord
Rients de Jong fan Snits is snein twadde wurden op it Iepen Nederlânsk Kampioenskip Piipsmoken yn Nieuw Buinen. Hy moast sa nedich pisje, dat er de oerwinning oan Hans Sonderman út Delft litte moast. Dy wist syn piip twa oeren en 35 minuten baarnend te hâlden.
De wedstriid wie organisearre troch it Knoalster Pieprokersgilde út Stadskanaal. Alle dielnimmers krigen trije gram tabak, twa lúsjefers en in piip. Yn oktober is it wrâldkampioenskip Piipsmoken yn Keulen.
It Nederlânsk rekôr is trije oere, seis minuten en 56 tellen.