Prins Johan Friso ûnder lawine

17 feb 2012 - 16:46

Prins Johan Friso is freed yn Lech ûnder in lawine rekke en ferwûne oerbrocht nei it sikehûs fan Innsbruck. De prins is neffens Eastenrykse media yn libbensgefaar.

De 43-jierrige prins makke mei trije begelieders in tocht bûten de piste. Hy kaam dêrby ûnder in lawine. De prins moast reanimearre wurde. De tastân fan de prins is neffens de RVD 'stabyl, mar net bûten libbensgefaar'. De prins leit neffens de Eastenrykse omrop ORF op intensive care.

De prins waard nei in sykaksje nei 20 minuten fûn, sa ferklearre boargemaster Ludwig Muxel fan Lech. De boargemaster hâldt rekken mei de mooglikheid dat de prins en syn begelieders sels de lawine feroarsake hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)