Solar Challenge wol mear jeugd

De Solar Challenge wol dat mear jongeren meidogge oan de tradisjonele simmeralvestêdetocht troch Fryslân mei boaten op sinne-enerzjy. De organisaasje hat hjirfoar in spesjale boat ûntwikkelje litten, dy't skoallen as boupakket keapje kinne. Learlingen fan middelbere skoallen kinne dan ûnder de praktyklessen har eigen sinneboat ynelkoar sette.
Jonge dielnimmers heakken earder faak ôf omdat de bou fan de sinneboaten te djoer en technysk te yngewikkeld wêze soe.
Under de namme Young Solar kinne jongereren dan twa dagen meidwaan oan de ynternasjonale race en sa ek yn kontakt komme mei de dielnimmers út binnen - en bûtenlân. It nije inisjatyf is opset yn gearwurking mei it ûnderwiis en it technysk bedriuwslibben.