'Kontrakten Sina kommendeweis'

De besite fan in delegaasje fan de gemeente Hearrenfean oan Sina liket in súkses te wurden. De delegaasje is foar oardel wike yn de East-Sineeske miljoenestêd Hefei. De gemeentebestjoerders binne dêr op útnoeging fan it Sineeske suvelfabryk dat ferline jier grûn kocht hat op it Fean.
Konkrete kontrakten binne noch net ûndertekene, seit wethâlder Coby van der Laan, mar se ferwachtet wol dat der nije ynvestearrings komme. It giet dan om de suvelyndustry, mar ek de wettertechnology yn Ljouwert.