Skûtsjes iepenje seizoen

It wettersportseizoen is dit wykein op tradisjonele wize úteinset mei skûtsjesylwedstriden by Langwar. Sawat fjirtich skûtsjes diene mei. De leafhawwers waarden dêr wer waarm makke foar dy tak fan sport. It entûsjasme ûnder de skippers wie ek grut.
It folgjende evenemint is de SKS-sprintwedstriid foar skûtsjes op de Hegemermar. Dat fynt plak op 10 maaie.