COA wol nij azc yn Burgum
It Sintraal Orgaan opfang asilsikers COA wol nij bouwe yn Burgum. It COA sit dêr al 20 jier en de gebouwen binne ôfskreaun. Foar de simmer sil it COA begjinne mei in ûndersyk nei de bêste opsje foar in nij asylsikerssintrum yn Burgum.
De gemeente Tytsjerksteradiel is wiis mei it ûndersyk. It azc is fan grut belang foar de lokale ekonomy, seit wethâlder Doeke Fokkema.