Lelystêdters mishannelje man

13 apr 2014 - 13:48

Trije manlju út Lelystêd binne sneintemoarn oanhâlden yn it sintrum fan Ljouwert foar mishanneling fan in Ljouwerter. De plysje trof it 21-jierrige slachtoffer oan op it Saailân. Syn gesicht siet ûnder it bloed. Nei oanwizings fan him en fan in oare tsjûge binne trije manlju fan 21, 21 en 24 jier meinaam nei it plysjeburo.

Ien fan de fertochten soe ferfelend west hawwe tsjin de freondinne fan it slachtoffer. Doe't hy dêr wat fan sei, ûntstie fjochterij. It slachtoffer waard yn it gesicht slein en skopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)