'Praat mei oer De Skâns'

13 apr 2014 - 13:40

De direksje fan De Skâns op 'e Gordyk wol fan de bewenners witte hoe belangryk oft sy de foarsjenning fine. Der wurdt al jierren praat oer de takomst fan it kultureel sintrum dat tagelyk doarpshûs en sporthal is. It is de fraach oft it ferboud wurde moat of dat der in nij multyfunksjoneel sintrum komme moat by de Boargemaster Harmsmaskoalle.

De Skâns moat in plak fan moeting, ferbining en ûntplooiïng wêze, fynt de direksje. De aktiviteiten moatte goed oanslute by wat de bewenners fan De Gordyk wolle. De direksje hopet op in soad reaksjes

Trefwurden: 
De Gordyk De Skâns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)