Man oppakt op Ruterskertier
Op it Ruterskertier yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in man fan 35 jier oanhâlden. Hy wie al in pear kear warskôge, omdat er de ôfrûne nacht in protte leven en drokte makke op strjitte.
Hy wegere nei hûs te gean en misledige en bedrige de plysje. De man is oanhâlden en opsletten.