Ferwûnen by botsing Offenwier

Ravaazje nei autobotsing by Offenwier © Anton Kappers
Op de Paviljoenwei by Offenwier hat sneintemoarn in ûngelok west, dêr't twa auto's by belutsen wiene. Ien fan de auto's kaam yn de sleat telâne. Twa minsken binne hjirby ferwûne rekke. In autorider (42) fan Snits kaam op de krusing mei de Koaiwei yn botsing mei in autorider (28) út de gemeente Súdwest-Fryslân. De Snitser bedarre hjirby rjochtop mei de auto yn de sleat. Hy en syn dochter(2) koene sels út de auto komme.
De oare bestjoerder en syn freondinne (27) moasten wol nei it sikehûs foar ûndersyk.
De plysje sil de krekte tadracht fan it ûndersyk noch neier ûndersykje.