Oanhâldings foar boetes

13 apr 2014 - 10:51

De plysje hat sneon yn Fryslân 22 minsken oanholden dy't mei-inoar foar 15.000 euro oan boetes út te stean hawwe. De arrestaasjes makken diel út fan in eksekúsje-aksje yn de trije noardlike provinsjes. Dêrby wurde minsken opsocht dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte, of dy't achterstallige boetes betelje moatte.

Yn Drinte waarden fyftjin minsken oanholden en yn Grinslân 29. Yn dy provinsjes waard ek foar tûzenen euro's oan boetes ynbard. Mei-inoar hawwe tachtich plysjeminsken oan de aksje meidien.

Trefwurden: 
plysje boete eksekúsje-aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)