Rêdingsbrigade op oefening

Oefening rêdingsbrigade Drachten op Hoornsemeer by Grins © Sicco Riedstra
De rêdingsbrigade fan Drachten hat sneon meidien oan in lanlike oefening wie op it Hoornsemeer by de stêd Grins. It doel wie it rêden en evakuearjen fan slachtoffers oer it wetter.
Oan de oefening diene sawat hûndert helpferlieners mei. Dat wiene njonken de rêdingsbrigades ek minsken fan de brânwacht, it Reade Krús en in fjirtichtal figuranten, wêrûnder ek Lotusslachtoffers.