Hans Kroon hâldt op by Flyers

17 feb 2012 - 15:26

Hans Kroon hâldt nei dit seizoen op as trainer fan de Flyers. Hy kin it wurkjen yn de iishockeywrâld net langer kombinearje mei syn maatskiplike karriêre. Kroon foarme in trainersduo mei Justin Bekkering. Nei it seizoen wurdt besjoen oft Bekkering wol oanbliuwt as trainer.

It ôfskie fan Kroon is ien fan de feroarings dy't by de Flyers plakfynt. In tal boechbylden út it ferline, lykas Jan Janssen, Marcel Nijland en Sjoerd Feenstra, wurde belutsen by de plannen om de klup wer op in heger plan te krijen.

Feenstra wie yn de jierren '80 de grutte man achter de súksessen fan de Flyers. Hy sil de kommersjele ôfdieling stipe jaan by it oanlûken fan sponsors. Jan Janssen, Marcel Nijland en syn broer Gert Nijland foarmje de nije technyske kommisje dy't de sportive gong fan saken by de Flyers oanstjoere moatte.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)