Tintekamp Special Olympics

Der komt in tintekamp by it Abe Lenstrastadion op 't Fean foar de Special Olympics. Dy binne op 13, 14 en 15 juny, mar de organisaasje is no al sa goed as klear.
De Special Olympics is in lanlik evenemint foar sporters mei in geastlike beheining. Der wurde mear as 1900 dielnimmers ferwachte. Dy ite en sliepe yn in tintekamp op it parkearterrein by it Abe Lenstrastadion. Oerdeis sporte se op akkommodaasjes yn Snits en op It Hearrenfean. De sportferienings binne sneon bypraat. Sy soargje derfoar dat der mear as 900 frijwilligers klear stean.