Harkiten ûnderút yn Berkum

Harkemase Boys ferlear sneon mei 3-0 fan Berkum. Op sportpark De Vegtlust spilen de Harkiten in net al te bêste wedstriid. Yn de 26e minút wie it rekke foar de thúsploech dy't mei in kanonskûgel op 1-0 kaam.
Nei rêst wreide Berkum de foarsprong fierder út nei 2-0. Miskommunikaasje yn de Harkemase ferdigening soarge dêrnei foar de 3-0. In frije traap fan Robin Huisman de Jong op de peal wie it iennige gefaarlike wapenfeit by de Boys.
De ploech fan trainer Willem Brouwer bliuwt troch it ferlies op 41 punten út 23 wedstriden stean.