Swiere straf foar De Ridder

12 apr 2014 - 16:02

Seesiler Dirk de Ridder is troch de ynternasjonale sylfederaasje ISAF foar fjouwer jier útsletten fan dielname oan sylwedstriden. De siler fan Terkaple is diskwalifisearre om't er falsk spile by de America's Cup yn 2012. Hy soe sjoemele hawwe mei it gewicht fan in tal boaten.

Dêrfoar krige syn ploech in grutte jildboete fan 190.000 euro. De straf fan de ISAF betsjut no lykwols dat De Ridder net meidwaan mei oan de Volvo Ocean Race mei it team fan Abu Dhabi.

Yn septimber ferline jier liet de Nederlânske sylried witte dat se De Ridder net fierder straffe soene. Siler Pieter-Jan Postma liet op Facebook witte dat er bot skrokken is fan de straf. 'De beste Nederlandse zeiler is gekielhaald door een fout van een ander.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)