Langste tafel stiet yn Grou

12 apr 2014 - 14:28

Grou hat it rekôr 'Langste tafel fan Nederlân' mei 15 meter ferbettere. It rekôr stie op namme fan Hoog Catharijne yn Utrecht mei 100 meter. Oan de Haadstrjitte yn Grou skoden sneon 440 minsken oan foar iten. Dêr sieten ek frijwilligers út Grou en Ljouwert by dy harren ynsette foar de mienskip.

It bôle-iten wie in ûnderdiel fan de Ljouwerter Dei, bedoeld om Ljouwerters yn de kunde komme te litten mei Grou. Sneon waard yn Grou ek it wettersportseizoen offisjeel iepene, ûnder oare mei de oankomst fan de sylkeninginne en har hofdame.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)