Konvenant oer Barradiel klear

17 feb 2012 - 15:17

Op rekreaasjepark Barradiel yn Tsjummearum wurde de húskes tenei net mear permanint of foar langere tiid bewenne. Dat hat eigener Postma fan it park yn in konvenant ôfpraat mei de gemeente Frjentsjerteradiel.

Earder kamen der klachten oer oerlêst fan Poalen dy't op it park wennen omdat se yn Fryslân oan it wurk wiene. De gemeente naam stappen, want permanint of lange tiid wenje is net tastien. Barradiel krige in twangsom oplein. Om ûnder de boete út te kommen is de eigener fan it park dochs mar akkoart gien mei de regeljouwing.

Troch de ôfspraak is it park no bûten it seizoen om hast leech en dat skeelt in soad ynkomsten. En sadwaande moatte no op in oare wize hierders fûn wurde foar de húskes. Ien fan de lûkers fan it park moat it suvere sâlte wetter wurde dat hjir oppompt wurdt. De gemeente is bliid dat der no in ôfspraak is mei Postma. En neffens de gemeente kinne de Poalen prima earne oars ûnderdak fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)