Tegeldief jout bút werom
In Snitser fan 37 jier is freedtejûn oppakt om't er 121 trottoirtegels stellen hat. De man hie de tegels meinaam yn de Hein Doekesstrjitte yn Snits. De dyk lei iepen yn ferbân mei wurk. De man sit noch fêst. De tegels binne werombrocht.