Nij kolleezje Ljouwerteradiel

Gemeente Ljouwerteradiel
Ljouwerteradiel hat in nij kolleezje. Gelly Visser fan de PvdA, Cees Vos fan it CDA en Rinske van der Meulen-van der Ende fan de VVD binne de nije wethâlders. De partijen hawwe sneontemoarn in akkoart berikt oer de gearstalling fan it kolleezje. Visser wurdt ûnder oare ferantwurdlik foar húsfesting, Vos foar it sosjaal domein en ûnderwiis en Van der Meulen krijt doarpsûntwikkeling, ekonomy en sport yn portefeulje.
De wethâlders wurde oer oardel wike offisjeel ynstallearre. Dan wurdt it koälysjeprogram ek presintearre.