Gjin titel sealfuotbalfroulju

12 apr 2014 - 01:10

De froulju fan Drachtster Boys binne der freed net yn slagge kampioen fan Nederlân te wurden. Yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Plubos út Alkmaar moast wûn wurde, mar de Drachtsters kamen net fierder as 2-2. Drachtster Boys hie bot lest fan senuwen en kaam 1-0 efter. Yn de lêste minút foar it skoft kamen se dochs op foarsprong. Nei de 2-2 wie it lykwols oer.

Os Lusitanos en Pernis wûnen beide. Dy trije ploegen hawwe no 47 punten út 20 wedstriden. In trijekamp moat no útmeitsje wa't de nasjonale titel binnenhellet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)