Klimmerblêd wint Sjongfestival

11 apr 2014 - 22:38

Basisskoalle It Klimmerblêd fan Sint Nyk hat freed de earste priis wûn by de finale fan it Sjongfestival foar Bern. Dy finale waard hâlden yn De Lawei yn Drachten. Oan de njoggende edysje fan it festival dienen njoggen basisskoallen mei, dy't earder útkeazen waarden yn trije foarrondes.

De sjuery bestie út Janneke Brakels, Trevor Mooijman en Femke de Walle. It Klimmerblêd die mei oan de finale mei it ferske 'It Spook fan de Technyk'. Twadde waard De Wyngert út Drachtster Kompenije en de tredde priis gie nei Eben Haëzer út Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)